De Donorwet makket dúdlik oft jo nei jo dea organen en weefsels oan in pasjint donearje wolle. Bygelyks in nier, longen of hûd. As jo neat ynfolje, stiet yn it Donorregister by jo namme ‘Geen bezwaar tegen orgaandonatie’. Dat betsjut dat jo organen en weefsels nei jo ferstjerren nei in pasjint gean kinne. Jo kinne dat altyd feroarje.

It is wichtich om sels in kar te meitsjen en dy te bepraten mei jo partner, famylje of freon(dinne). Dan witte sy, as jo komme te ferstjerren, hokker kar fan jo yn it Donorregister stiet. Dat makket it petear yn it sikehûs makliker foar jo partner, famylje of freon(dinne).